It wie juster in moaie dei, dat ik tocht mar ris op de fyts nei Ljouwert te gean, om myn ôfspraak by de bloedbank foar de plasmaferese en net mei de auto der hinne te gean. Myn route gong richting Bartlehiem en dan fierder de Dokkumer Ie del. Wat je dan as earste merke is dat de wegen fol modder sit om't de boeren hurd oan it wurk west ha. De wyn wie aardich tsjin, mar dan ha ik tenminste op de weromreis foar de wyn.
It wie suver noflik efkes efter in buorkerij of wat beammen te fytsen. It lân lei der dizich by en de beammen fan de pleatsen wer't kleaster Foswert stien hat stieken ôf tsjin de grize loft. Underweis kom ik net folle minsken tsjin, de earsten binne twa mantsjes op de fyts dy tink har fêste ommetsje ride. By Bartlehiem moast wol fan de fyts ôf om oer it bregje te kommen , it is ek wat glêd fan de blêden. Ek is de sleat mei einekroas hjir hielendal readbrun, dat hie ik nea earder sjoen. Fierder kom ik ek net in soad minsken tsjin, in inkelde fytser en kuierder by it bosk fan Ljouwert. Yn de fierte komt de sinne der al wat troch en sjoch ik de wite skimmel fan Britsum, sa at Karstkarel it neamt. Op de Dokkumer Ie mar ien boat, in baggerskip dat nei Dokkum faart. Yn it Ljouwerter bosk sjoch ik dat de knooppuntenroute en de Rietlânroute ferlein binne. Ik bliuw ticht by it wetter fytse en kin by de Iebrêge ûnder it tunnelsje troch de hegeskoallen by del. Hjir leit in moaie fytsroute nei it sintrum ta. Ljouwert makket Frij baan foar de auto, mar jildt dat ek foar de fyts? Ik wol besykje om sûnder foar ferkearsljochten wachtsje te moatten by de bloedbank te kommen. Dat slagget hast, want foar it Suderplein kin ik de Emmakade op en dan rjochting Achter de hoven it spoar oer. Gelokkich de trein is krekt passeart. By Commenius nim ik it fytspaad nei de Agora by Agrarische hegeskoalle. It ferkearsljocht by de Huzumerloane knippert, men is dêr hurd oan it wurk, soe der in fytstunnel komme? Dan moat ik allinne by de Borniastrjitte efkes foar it reade ljocht wachtsje en kom sa by de bloedbank.. It liket dat Ljouwert dochs wol in fytsfreonlike stêd is.
De weromreis ryd ik oan de oare kant fan de Dokkumer Ie del. Earst richting Blitsaert, want dêr is in fytspaad nei Miedum. It is wol nergens oanjûn mar giet wol moai troch de lânnen hinne. Dan fierder de Eggedyk en de Wâlddyk dy't oergiet yn it fytspaad nei Oentsjerk. Der binne hjir yn in fjild in soad fûgels: guozzen, swannen, protters en ljippen. De loft is somtiden swart fan 'e fûgels. Ik fyts dan nog in ommetsje fan Aldtsjerk nei Bartlehiem en dan nei Burdaard. Om de oerstek te meitsje oer de Lauwerséwei hat de Profinsje in befeilige oerstek makke, dat hie ik net opmurken as ik dêr mei de auto delkaam. Dat soe de gemeente eins ek ten noarden fan Burdaard meitsje moatte. It nijynsiedde lân by Jislum leit der moai by en op de measte plakken is it lân al swart, mar by Easterbeintum binne de mannen mei gripe en lytse wein efter de trekter dwaande om de bieten fan it lân te heljen. Fansels krij ik dan ek wer te meitsjen mei klei op 'e dyk, mar dat is it slimste net. Dan is it ek mar goed dat der fan Stiens nei Hallum in apart fytspaad komt, lâns de parallelwei foar trekkers en sa , dan hat de jongerein dy't nei skoalle yn Ljouwert fytse moatte der minder lêst fan. De sinne skynt folop, it is hjerst mar it liket wol simmer en ik hie moai foar de wyn.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten