Fan minsken op de fyts wurd ik bliid. Hartstikke bliid. Dêrom kom ik moarns tsjin achten bliid op it wurk oan nei 15 kilometer fytsen. En middeis kom ik wer bliid thús nei wer 15 deselde of oare kilometers.
Want ik haw romme kar om fan Wommels nei Snits op de fyts.
Op myn paad moarns fyts ik meast oer de binnenpaden en helje ik nei 2 kilometer fleurich in doarpsgenoate yn (moarn....moarn), kom nei 4 kilometer in man tsjin dy’t it ek altyd hiel lang úthâldt yn de koarte broek (moarn....moarn) , tref ik meast in donkere jongfeint mei in sjekkie yn de mûle en in radio oan (moarn...morgen), sjocht in man mei in hûn my op tiid oankommen en klinkt ús “moarn” alle dagen tige fertroud at de hûn neist him stiet. De hûn seit noch krekt gjin Woef.
Yn Reahûs set men de klok fan de toer meast gelyk op myn foarbijgean, want dêr sizze se net dat ik wat letter of earder bin mar dat de klok foar of efter rint.
Hjir en dêr sjoch ik noch wat ûnregelmjittige “morgen” sizzende tsjinlizzers en bij it stasjon fan Snits is it in kommen en gean fan fytsers.
Ik kom dêr, sis goeie moarn, krij in Spits oerlange, sis dankjewol en jou mij noch in goeie kilometer op myn lisfyts del om op it Kaatsland út te kommen.
It fytshok is noch leech en dat is in oere letter wol oars. Dizze wike waard ik bliid ferrast troch in kollega dy’t fanwege parkearproblemen op woansdei in oprop docht dat elkenien woansdeis op de fyts komme moat. In moai begjin fan de 2 út 5 tocht ik gelyk.
Moai ek dat in oar dat seit, want út myn mûle klinkt it altiten sa fertocht. “Ja, do, do kinst net autoride, do moatst wol, do hast gjin kar”.
Se hawwe gelyk, ik haw bewust keazen om net foar it riidbewiis te gean en mij op dy wize wat te fersetten tsjin it gemak wêrmei in auto pakt wurdt foar lytse eintsjes. Yn in auto haw ik meast in min sin, mar op de fyts bin ik blier.
En at ik al dy prachtige blommenfytsen tsjintwurdich sjoch dat bin ik der wis fan dat ek dat fleurige minsken binne. De flower power liket hast werom en dat docht mij goed want dat wiene moaie tiden, wêr’t de basis lein is foar myn autoleaze karriere.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten