Mei nocht kin ik werom sjen op it suksesfol heljen fan it ferkearsdiploma op 3 juny 1966. 11 jier âld. Grutsk wie ik doe. Want al myn probearjen om ek mar in kear in proefeksamen te dwaan foar it swimmen, rûnen op drama’s út. Foar de swimlearaar en foar mij. Noch altiten moat ik it sûnder swimdiploma en grutte wettereangst dwaan.
En de swimlearaar fielt it miskien no noch as syn grutste nederlaach.
Mar werom nei it ferkearsdiploma. Dat wiene moaie learsume lessen op de Herfoarme Legere Skoalle yn Wommels . Dêr stutsen je wat fan op en dêr haw ik noch altiten wat oan. De reade rûne buorden dy’t alles ferbiede, de trije hoekige buorden dy’t mij warskôgje en de blaue buorden dy’t mij wat fertelle.
En nei al dy teorylessen kaam it ôfslutende praktykeksamen. Op de fyts de buert troch en foaral de hân útstekke om oan te jaan at je de bocht om woene en de hân op en del swaaie as teken dat je stoppe woene.
De ferkearsrigels dy’t ik foar 3 juny 1966 leard ha, bring ik allinne yn de praktyk op de fyts. Autoriden is net oan mij bestege. Ik sjoch dan ek altyd mei mear as in bysûndere belangstelling nei fytsferkearsbuorden. En nei dy giele oanwizings buordsjes.
Dy giele buordsjes dy’t ús in oar paad lâns stjoere en dy’t ús warskôgje foar ûnheil lâns de dyk of it paad. Giele buordsjes dy’t opfalle en dy’t ik meast net negeare kin.
Op ien nei. Hoe lang at it boerd der al stiet wit ik net. Ik skat yn fan likernôch 8 jier.
Werom it der stiet wit ik ek net. It oantal fytsers dat him der wat fan oanlûkt dat wit ik wol: nul. Of it moat al in tachtichjierrige wêze dy’t der foar it earst lâns komt en alles wat der skreaun wurdt, opfolget.
Is der is der bij de gemeente Ljouwert immen dy’t perfoarst wol dat wij mei de fyts oan de hân fan it útsicht genietsje op de brêge fan de Boksumerdaam? Dan moat ik tajaan dat der neat mis is mei dat útsicht. Mar om it stopjen (hast) te ferplichtsjen giet wat te fier. Of jildt it allinne foar fytsers mei in druk op de as fan 2,2 ton? Ik wit it net.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten