Ik doar it hast net te skriuwen, mar wij hawwe twa geweldich moaie fytswiken hân yn........ Nederlân. Fan moandei 25 july oant snein 7 augustus diene wij de "Ronde van Nederland" fia LF routes. Wij hawwe sa no en dan wat oanpassingen dien omdat wij hjir en dêr wat tichter bij de grins fytse woene.
Wat sifers:
* 2 lisfytsen
* 14 dagen der op lein
* 1250 kilometer ôflein
* 13 kear oernachte bij tige gastfrije "freonen op de fyts"
* 2 lekke bannen mei in roazetoarn en in punaisy
* 3 buikes fan maksimaal 30 minuten
* 365 foto's
* 10 provinsjes befytst
* 285 doarpen of stêden
* 14 stânbylden of oantinkens
En no is it de keunst om te efterheljen wêr't de foto's fan de ûndersteande bylden makke binne.
In oantal wit ik noch mar ik lit it graach oan tûke byldekenners oer. Witte jim ien of mear maile kin nei aanthofstra@gmail.com.
Ik bin benijd!
1.
2.
3.
4.
5.
6.
7.
8.
9.
10.
11.
12.
13.
14.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten