Waarme truiendei

Ik kin der net sa goed oer dat minsken mij foarskriuwe hokker klean ik oan dwaan moat. Ik haw it ûnderwerp al in kear útdjippe mei in kollega dy't foar psycholooch leard hat en wy binne ienriedich ta de konklúzje kommen dat ek dit út it ferline komt. En omdat je soks dochs net werom draaie kinne lis ik mij der bij del. Of leaver, ik gean gewoan fierder mei myn "seur net oer myn klean" gedrach. In behanneling wie net nedich.
Sa kaam der ynienen de "Casual Friday". Oan it wurd te sjen is it hjir net betocht, mar oerwaaid út Amearika. Mei Casual Friday meie je gewoane, lekker sittende klean oan dwaan, yn stee fan strakke of stoere pakken. De strik mocht thúsbliuwe en it boesgroentsje mocht sels in bytsje út de broek hingje.
Ik haw gelyk wurktiidfermindering oanfrege op freed, want it gie freeds op it wurk allinne noch oer klean. De moandei-tiisdei-woansdei-tongersdei-pakdragers hiene freeds it grutste wurd oer lekker sittende spikerbroeken, slobber boesgroentsjes en sportive skuon.
Hjoed 4 febrewaris is it waarme truien dei. Jeetje mina. Bin ik freeds gewoan lekker thús sil mij in organisaasje wer foarskriuwe wat ik no wer oan dwaan moat.
De kachel in graad leger en in trui oan, wie it advys foar hjoed.
It doel sil wol goed wêze mar at it wurket? Of dochs wol.
Nettsjinsteande de de stoarmeftige wyn bin ik dochs mar efkes op de fyts lizzen gien en haw mij sa'n oardeloere yn it swit jage om tsjin de stoarmwyn yn te kommen. Fia de Bieren, Hichtum, Boalsert, Hartwert de Kliuw, Easterein en Skrok werom nei Wommels.
Myn net lytse bydrage oan de waarme truiendei. De kachel bleaun thús út .
Omdat ik nei de tiid wol efkes ûnder de waarme brûs moast, is it noch in hiele berekkening at myn bydrage oan de waarmetruien-hurdewyn dei noch wat oplevere hat foar it miljeu. Wis is dat ik leaver fyts mei de kachel út dan thús sit mei de trui oan. Ek mei wynkrêft 8.


Geen opmerkingen:

Een reactie posten