Te folle ferkearbuorden

It waard mij read foar de eagen doe't ik freedtemoarn op de Lollumerdyk flak bij Hitzum fytste. Nei in pear hûndert meter is dêr in betonreed dy't útkomt yn Tsjom. Gjin trochgeande route mar in moai paad wêr't in stik as wat buorkerijen en hûzen oansteane.



Dat read foar myn eagen komt fan al dy (oerstallige) ferkearsbuorden dy't dêr steane. Lit mij no efkes lekker seure oer dizze buorden.
Oke, der leit in feeroaster. Der binne gemeenten dy't dit oanjouwe mei in boerd. Ik fyts alle dagen fan Wommels nei Snits oer likernôch 8 feeroasters mar der stiet nearne in boerd bij.
De feeroasters lizze dêr omdat der mooglik fee los rint wat dan net útnaaie kin. Mar dan hoege je der dochs net mear in boerd bij te setten dat der fee rinne kin.
Boppedat seit it boerd rjochts fan de dyk dat it paad allinne foar omwennenden is. Omwennenden dy't op dy pleatsen wenje en harren eigen fee bûten rinne lit. En dan ek noch in warskôgingsboerd fan 60 kilometer. At der in boerd stean moat mei in snelheidsbeheining mei dizze "gefaarlike" omstannichheden dan liket 60 kilometer mij wol hiel hurd ta op in paad wêr't roasters lizze, wêr't it fee dus los rint en wêr't allinne mar fytsers en rinners harren wei sykje.

Ik betwifelje at der ea wol fee los rint. Dus wat mij oangiet, de roasters derút en alle buorden der wei. En dan ien nij boerd pleatse. 30 kilometer per oere. Dan ride der allinne mar omwennenden lâns. En wij op de fyts.

It is dochs te mâl foar wurden dat op in drok punt op bijgelyks Prins Hendrik kade yn Snits gjin inkel boerd mear stiet en dat it dêr foaral in saak is om de normale ferkearsrigels meielkoar ta te passen en dat it dan gewoan is dat je elkoar yn de eagen sjogge.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten