De sin "Blij dat ik fyts" kin yn sommige gefallen wol feroare wurde yn "blij dat ik daar niet fiets".
Ik moat bekinne dat wannear ik bepaalde fytsbylden sjoch fan bijgelyks Ierlân, Ingelân en Frankryk dan rop ik wolris: "bliid dat ik dêr net mear fyts".
In oantal lannen binne der gewoan net klear foar at wij dêr foar langere tiid fytse wolle.
Mei ôfgrizen tink ik oan ús fytstocht fan Harwich nei Stansted bij Londen. Gjin fytspaden, drokke, bochtige diken soargen der foar dat wij ús betiden yn de berm drukke lieten. It wie oerlibjen en se hoege mij net te freegjen hoe't de omjouwing wie: ik haw der neat fan sjoen.
Yn Frankryk en yn Ierlân (foaral dêr) gelikense erfaringen.
Ik tocht oan dizze fytsavontoeren doe't wij freedtemiddei kritysk seagen nei it fytspaad bij Burchwert. Dat ik as Wommelser ûnderwei nei Boalsert al in oantal jierren der foar kies om dêr net te faak lâns te gean (Hichtum is in alternatyf, mar net autofrij) waard no nochris befêstige troch de lûden fan de fytsers fan Burchwert. It is gefaarlik, smel, hobbelich en net allinne foar myn lisfyts mar ek foar de bukfytsers die bliken.
It is dúdlik dat der wat barre moat want oars rop ik aansens te faak oer Burchwert "bliid dat ik dêr net fyts"
Geen opmerkingen:
Een reactie posten