Tsjeppenbûr

At je alle doarpen yn Fryslân befytst hawwe, dan ferlizze je de grinzen. Dus mei mear as bysûndere belangstelling sjoch ik no nei de útbuorren buordsjes. De gemeente Littenseradiel hat kosten noch buorden sparre om oan te jaan dat 3 pleatsen en in arbeidershúske bij-elkoar yn it ferline in namme krigen hawwe en dat sij dy namme yn eare hâlde wolle.
Moai is dat, want at je yn de frije romte fan dizze gemeente fytse, dan haw je altyd it gefoel dat je earne binne. Yn ien fan de 28 doarpen of ien fan de 40 buorskippen.
Der binne dus hast 40 buorskippen en hjoed socht ik ien op dy't echt op de romte leit.
Ik bin benijd wa't dêr wolris west hat.
Myn syktocht nei Tsjeppenbûr begjint yn Wommels en fia de útbuorren Westerein kom ik yn Wjelsryp. Foar sommigen is dat miskien al in syktocht mar foar mij net.
Yn Wjelsryp stiet op in buordsje oanjûn : Tsjeppenbûr.
In goed te befytsen skelpepaad fan in goeie kilometer mei in troch twa stekjes bewaakte oerstek fan it spoar tusken Hatsum en Frjentsjer, bringt mij bij it buordsje Tsjeppenbûr sûnder kapke op de u.



In betonreed lâns in oantal pleatsen bringt mij hast oan de râne fan it van Harinxmakanaal.
Oan de oare side sjocht ik Kingmatille lizzen. Hjir sil ynkoarten in pont foar fytsers komme en de kâns is oanwêzich dat Tsjeppenbûr dêrtroch ûntdekt wurde sil.
No sjoch ik yn alle stilte om mei hinne en fyts ik oer de betonnen reed nei Hatsum.
En omdat it sok moai waar is, fyts ik fia Dronryp, lâns it kanaal rjochting Deinum.
Dêr draai ik troch allegear bochten en klimkes de brêge op en del en kom op de dyk troch it doarp mei de sipel op de toer: Deinum.



Net maklik te finen is der dan in tsjerkepaad dat mij yn Blessum bringe moat. Smeller kin in fytspaad net wêze en ik bin bliid dat de brêgjes krekt efkes wider binne as 20 sintimeter fan it paad.
Blessum rint dea, mar net foar fytsers. In prachtich fytspaad troch de Hilaarder Mieden, wat útkomt bij Hoptille.

En dan leit dêr it fytspaad lâns de Boalserterfeart, wat oan Tsjerkwert tarint.



Gewoanwei in lust om te fytsen mei oan beide siden it reid mar no op plakken wol hiel keal, sa as bij Leons.



Gelokkich fyts ik nei Baard wer tusken de fertroude reiden.

Hast 40 kilometer fytst op in prachtige rûte en dat allegear om Tsjeppenbûr te ûntdekken.

Sjoch hjir de route.

1 opmerking: