Fytsen

Ik kin it net helpe, mar bin ik earne dan falt myn each it earst op fytsen. Of it gemis oan fytsen.
Beide kin. Bij in winkel, in bushalte en in stasjon sjoch ik mei ôfgrizen nei de omfallen fytsen. Omwaaid of gewoan delsmiten as iets fan gjin wearde.

Faak help ik de fyts wer oerein, want ik kin der net oer dat in fyts op de grûn leit te fertutearzjen.
It moaiste ferfiermiddel sa behannelje troch him net goed del te setten sadat in lyts (per ûngelok) triuwke fan in oar of in net foarseine wynfleach genôch is om de fyts mei in klap op de grûn te krijen.
Soms falt myn each ek op it gemis oan fytsen.
Sa bin ik ferline wike yn Newcastle west. Wij ride mei de bus fan de haven nei de stêd en myn eagen sykje nei in fytser. Of nei in fytspaad. Nei 15 minuten binne wij yn it sintrum en noch gjin fytser haw ik sjoen.
Bij it stasjon gjin beammen en dus ek gjin gjin fytsen? Ek gjin fytsen tsjin de muorre en noch slimmer ek gjin fytsen ûnderweis.
Ik sjoch dy earste middei fan myn febrliuw dêr net in fyts. Net ien.
De oare moarn at wij yn de binnenstêd omrinne reitsje ik ekstaze. Ik sjoch in fyts.
As dekoraasje bij de winkel mei in prachtige namme:
Scrumpy Willow & the Singing Kettle

Sa makke ik dizze unike foto: in fyts foar in winkel mei sa'n unike namme

Geen opmerkingen:

Een reactie posten