Op meardere krúspunten op it N 359 (Burchwerterhoeke en Wommels Noard) wurdt hast it hiele jier in snelle fytsoergong keard troch de bekende reade stekjes. As lisfytser ferflok ik dy dingen hielendal omdat it mei in bytsje gong in gehannes is om der tusken troch te fytsen. Mar yn de wintertiid is it oars. Dan steane de stekken iepen. Dan soe ik de dyk mei gong oerstekke kinne. Dat doch ik mar net.
